Ald-presidint Wahid nei Drachten

29 aug 2003 - 00:00

Ald-presidint fan Yndonesië Wahid komt 6 septimber nei Drachten op útnoeging fan restauranteigner Wieland út it selde plak. Wahid is fan doel om yn Fryslân by te kommen fan in operaasje oan de eagen, dy't yn Israël útfierd wurde sil.

Dochs ûntkomt de âld-presidint net oan de nedige plichtplegingen. Deputearre Bijman sil yn Drachten de provinsje fertsjintwurdigje omdat Nijpels op dat stuit yn it bûtenlân is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)