Lêste winkel Boerum ticht

© Omrop Fryslân
It doarp Boerum ferliest ynkoarten de lêste winkel. De doarren fan de buertsuper moatte neffens eigner Oostra ticht omdat de omset te leech is. Ek moat der flink ynvestearre wurde yn it bedriuwsgebou en dêr is gjin jild foar.
Oostra's winkel yn Twizel sil mooglik ek slute. Dy buertwinkel kaam earder yn it nijs doe't de ûndernimmer in oprop die oan alle Twizelers om yn syn winkel te kommen om't de omset bot ôfnaam wie.