Feest op basisskoalle Tjongeling

28 aug 2003 - 00:00

Op basisskoalle De Tjongeling yn Aldeberkeap waard tongersdei net lesjûn mar songen, dûnse, tekene en feestfierd. Nei trije dagen 'rotsfear' neffens klasgenoatsjes fan Lusanne is de bliidskip dat it alvejierrige famke wer thús is bysûnder grut.

Yn it doarp hong op in soad plakke de flagge út. By de pleats fan Van der Gun waard in bysûnder soad post mei lokwinsken en presintsjes besoarge yn in foar dat doel pleatste molkbus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)