Langer jarreride troch droechte

© Omrop Fryslân
Molkfeeboeren op sângrûn meie langer dong útride as oars. Lânbouminister Veerman bepaalde tongersdeitemoarn dat de útrydtermyn oant 15 septimber ferlingd is. Dy datum wie oars oant 1 septimber, mar fanwege de droechte kinne de boeren de dong no net kwyt op it lân.
Boeren op klaaigrûn meie altyd al oant 15 septimber jarre útride. Boere-organisaasje NLTO is bliid mei it beslút fan 'e minister.