Legionella yn swimbad Frjentsjer

28 aug 2003 - 00:00

Yn it dûswetter fan swimbad Bloemketerp yn Frjentsjer is by in periodike kontrôle legionella fûn. De dûsen binne fuortendaliks ôfsletten, it swimbad is wol gewoan iepen. It giet om in frij ûngefaarlike soart fan 'e baktearje. In lieding mei stilsteand wetter yn ien fan de personielromtes is de oarsaak fan 'e besmetting. Ferline jier july hie swimbad Bloemketerp yn Frjenstjer ek al te krijen mei legionella.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)