Boargemasterskandidaten Snits

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Snits makket moandei de nije boargemasterskandidaten bekend. De betrouwenskommisje, dy't bestiet út de fraksjefoarsitters fan de ried, hat de lêste tiid petearen hân mei in tal kandidaten.
Twa kandidaten wurde nei foaren skood. Yn 'e regel wurdt de kandidaat dy't as earste neamd wurdt, troch de minister beneamd. De sittende boargemaster Siebolt Hartkamp giet meikoarten mei pensioen.