Proef trajektkontrôle ferlingd

© Omrop Fryslân
De proef mei de trajektkontrôle op de N381 by Wynjewâld is slagge. Oer in ôfstân fan inkelde kilometers wurdt it ferkear twakear flitst. Fia in ferbining mei de plysje wurdt dan de faasje metten.
Op it stik dyk mei net hurder riden wurde as 80 km yn 'e oere. Minder as 1% fan de bestjoerder krige in boete. Rykswettersteat is tefreden oer de proef. Se gean der nochris twa jier mei troch.