Lusanne-team bliuwt op sterkte

28 aug 2003 - 00:00

It plysjeteam dat him dwaande hâldt mei de ûntfiering fan Lusanne van der Gun fan Aldeberkeap bliuwt foarearst op folle sterkte. Dat seit korpssjef Wagenaar. It ûndersyk rjochtet him no op it tillefoanysk kontakt dat der oan tiisdei ta west hat mei de ûntfierder fan Lusanne en it famke sels.

Lusanne melde harsels woansdeitejûn by in hotel yn Venlo. Se is tongersdei troch de plysje ûnderfrege.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)