Resjerzeteam ûntfiering útwreide

© Omrop Fryslân
De plysje hat it resjerzjeteam dat dwaande is mei de ûntfiering fan Lusanne van der Gun útwreide nei goed 80 minsken. Dêrmei is dit it earste ûndersyk yn Fryslân dat sa grutskalich oanpakt wurdt. In kearnteam fan 25 plysjes is oanfold mei spesjalisten op it mêd fan misdied en ûntfierings.
It sinjalemint fan de ûntfierder is ek yn it bûtenlân ferspraat. Der wurdt grute dat de man in griene stasjonwein brûkt hawwe soe.