Plysje op syk nei fyts

© Omrop Fryslân
De plysje is op syk nei in fyts, dy't mooglik yn of flakby in park yn Frjentsjer stiet. De fertochte fan de stekpartij fan ôfrûne wykein yn it Harnzer azc soe op dizze fyts wer nei it Frjentsjerter azc werom gien wêze.
By de stekpartij kaam in 33-jierrige asylsiker om it libben. De fertochte is yntusken oppakt. De plysje wol no graach de fyts hawwe. It giet om in âlde swarte frouljusfyts mei lege stang. Jo kinne belje op 0900 - 8844.