Katten Koatstertille besketten

© Omrop Fryslân
Yn alle gefallen twa katten binne de ôfrûne moanne besketten yn Koatstertille. Ien fan de katten rekke dêrby deadlik ferwûne. It oare slachtoffer koe troch in bistedokter behannele wurde.
De eigners tinke dat de sjitterij it wurk is fan in buertbewenner. Foar de tip dy't liedt ta de dieder is in beleanning fan 500 euro beskikber. It is net foar 't earst dat op katten sketten wurdt yn Koatstertille.