Te folle oanrin Sociale Winkel

© Omrop Fryslân
De Sociale Winkel yn Ljouwert wurdt sa drok besocht, dat der meiwurkers ynset wurde dy't net betelle wurde út de subsydzje dy't de winkel krijt. By de Sociale Winkel kinne minsken telâne dy't help ha wolle oer wetjouwing en by it ynfoljen fan formulieren.
De winkel wurdt alle wiken troch sa'n 100 minsken besocht. Dêrtroch komme de meiwurkers om yn it wurk. De HWL hat septimber útroppen ta aksjemoanne. De stifting wol mear jild fan de gemeente.