Sykaksje Aldeberkeap einige

© Omrop Fryslân
De sykaksje fan de plysje yn Aldeberkeap nei de fermiste Lusanne van der Gun is ôfrûn. Woansdei binne op nij speurhûnen ynset om in spoar fan it famke te finen. Tiisdei einige de grutte sykaksje mei plysjehûnen en in helikopter.
Der is net bekendmakke of de sykaksje resultaat oplevere hat. De plysje hat noch wol betrouwen yn in goede ôfrin fan de saak. Der binne yntusken 450 tips binnenkaam by de plysje.