Ekstra wach by polderdiken

27 aug 2003 - 00:00

De Fryske wetterskippen litte ekstra ynspeksjes oan de polderdiken útfiere. Oanlieding is de dyk dy't moandeitenacht by Wilnis yn Utrecht brutsen is.

It wetterskip Marne/Middelsee dat yn de Súdwesthoeke wurket, hat ekstra ynspeksjes oan de polderdiken dwaan litten. Neffens foarsitter Miedema binne der in pear swakke plakken yn de diken. De kâns dat in dyk it bejout is neffens him lykwols net grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)