Slachtofferhelp yn Aldeberkeap

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Aldeberkeap dy't ûngerêst binne en net krekt witte hoe't se mei har emoasjes omgean moatte, kinne sûnt moandei terjochte by Slachtofferhelp yn it doarp. Op in lokaasje flakby de basisskoalle De Tjongeling hat Slachtofferhelp in lokaasje fûn.
Troch de fermissing fan de 11-jierrige Lusanne van der Gun witte fral âlden net rjocht hoe't se reagearje moatte op fragen fan har bern. By Slachtofferhelp kinne se terjochte mei har soargen.