Plysje siket fierder nei Lusanne

27 aug 2003 - 00:00

De plysje giet woansdei troch mei de syktocht nei spoaren fan Lusanne van der Gun út Aldeberkeap. Dat hat it resjerzjeteam besletten om't de plysje noch hieltyd brûkbere tips krijt. Mei elkoar binne der no fjouwerhûndert tips.

De resjerzje giet fierder mei it buertûndersyk en siket mei speurhûnen by de Wolvegeasterdyk. Lusanne (11) waard moandeitemoarn troch in ûnbekende man meinaam doe't se nei skoalle soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)