Warskôging foar nije studinten

© Omrop Fryslân
It stereotype byld fan studinten yn benammen de yntroduksjewike is biersûpe, seks en feestfiere. De yntroduksje yn Ljouwert is dizze wike begûn. 1400 studinten fan it Van Hall ynstitút krigen tiisdei by de iepening fan har yntroduksjewike in warskôging foar eksessen.
Yn de stêd binne groepen mei deselde shirts oan dwaande mei frjemde opdrachten. Dat byld is dizze wike noch in soad te sjen yn de stêd.