''Earder famke lestich fallen''

26 aug 2003 - 00:00

Yn Aldeberkeap is it ôfrûne wykein ek al in famke lestich fallen troch in man yn in auto. Dat barde op in wize dy't, sa't it no liket, fergelykber is mei de wize wêrop Lusanne van der Gun moandei ûntfierd is. Mei dy meidieling kaam direkteur Nijboer fan 'e basisskoalle fan Aldeberkeap tiisdei.

De basisskoalle wurket safolle mooglik it gewoane programma ôf. Mar bern dy't prate wolle oer de ûntfiering krije dêr alle romte foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)