Wake foar Lusanne op 'e Gordyk

26 aug 2003 - 00:00

De Roomske tsjerke fan 'e Gordyk hâldt tiisdei fan healwei achten ôf in wake foar de moandei ûntfierde Lusanne van der Gun fan Aldeberkeap. De Roomske parochy fan De Gordyk wol minsken dy't der ferlet fan hawwe stipe jaan en hat dêrom besletten om in wake te hâlden. Lusanne van der Gun is oansletten by de parochy fan De Gordyk.

Neffens frou Mulder fan 'e parochy binne de gefoelens fan ûnmacht en ferbjustering en fersleinens grut.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)