FNP: gaos op stasjon Ljouwert

26 aug 2003 - 00:00

De FNP warskôget foar problemen op it NS-stasjon fan Ljouwert, omdat der mar ien loket iepen bliuwt mei yngong fan 1 septimber. Boppedat giet dit iene loket tenei jûns om 20.45 oere ticht, in oere earder as oars. Omdat de wachttiden no al oan de lange kant binne, moatte reizgers tenei earder fan hûs as se in kaartsje keapje wolle, tinkt de FNP.

Neffens de NS sil it wol tafalle, omdat hieltiten mear minsken harren kaartsje út 'e automaat helje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)