Holvrieka-arbeiders bin solidêr

26 aug 2003 - 00:00

It produksjepersoniel fan yndustrieel tsjettelfabryk Holvrieka-Nirota yn Snits jout de krysttaslach op. It jild wurdt brûkt foar in sosjaal plan foar it ûntsleine kantoarpersoniel. Dat hawwe de fakbûnsleden fan it fabryk moandei nei oerenlang praten ôfpraat.

It bedriuw sit yn swier waar en dêrom binne besunigings op it kantoar nedich. It grutste part fan it kantoarpersoniel is gjin lid fan in fakbûn, de minsken op 'e wurkflier wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)