Gemeente jout Flyers liening

26 aug 2003 - 00:00

IIshockeyclub Formido Flyers fan It Hearrenfean is sa goed as rêden fan de ûndergong. Op in ekstra riedsgearkomste fan 'e gemeente hawwe alle partijen ynstimd mei in liening oan de iishockeyers. It giet om in bedrach fan goed 60.000 euro.

De club is yn de problemen rekke om't net alle sosjale lêsten betelle binne. Dat wie in flater fan in tredde partij dy't de administraasje foar de club docht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)