'Gasboarrings Waad opnij besjen'

© Omrop Fryslân
As it ferbod op gasboarrings op it Waad ôfrint, moat it net samar mei tsien jier ferlingd wurde. Dat seit steatssekretaris Van Geel fan Miljeu. Hy fynt dat earst goed ûndersocht wurde moat wat de skealike gefolgen binne. Ynkoarten rint it ferbod, it saneamde moratoarium, ôf.
De steatssekretaris fergeliket it boarjen mei de kokkelfiskerij. Dêrfan is ek net bekend wat de gefolgen binne foar it miljeu op it Waad.