Denneboom mei by Hearrenfean wei

25 aug 2003 - 00:00

Romano Denneboom mei by SC Hearrenfean wei. Dat hat de oanfaller snein heard. Hy siet sneon tsjin Feyenoord al op de bank om't trainer Foppe de Haan ûntefreden wie oer de prestaasjes fan de spits. Denneboom is moandei net mei de seleksje meigien nei Spanje, dêr't de Friezen tiisdei yn de finale fan de yntertoto spylje tsjin Villa Real.

Ek Arek Radomski en Antonio Correia binne achterbleaun. Radomski is siik en Correia hat in blessuere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)