LC-auto op 'e kop yn de sleat

25 aug 2003 - 00:00

De promoasje-auto fan de Ljouwerter Krante beskildere as de Fryske flagge is sneon by Eastermar yn in sleat bedarre. De wein is de haadpriis fan in fotowedstriid fan de krante. De auto lei op de kop, twa meiwurkers fan de krante kamen mei de skrik frij.

De krante seit ta dat de winner fan de simmeraksje in nije Mitsubishi Space Star krijt. Miskien wint de foto wol dy't makke is fan de twa plysjemannen by de auto mei in blauwe LC-pet op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)