Surveillânse yn Dokkum helpt

25 aug 2003 - 00:00

Toeristen yn Dokkum ha in rêstich wykein hân. Dat komt troch ekstra surveillânses fan plysje en befeiligingsminsken. Dat tafersjoch wie nedich om't baldiedige jongeren de lêste tiid fral boatsjeminsken en kampinggasten lestich foelen. Der wienen in soad klachten oer oerlêst.

Boargemaster Cazemier fan Dongeradiel besleat ferline wike ta de ekstra surveillânse. Neffens de havenmaster hie earder yngrypt wurde moatten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)