Gjin nije hoarekasaken mear

25 aug 2003 - 00:00

Skarsterlân wol de fêstiging fan nije hoareka-saken yn Langwar en Sint Nyk beheine. Dat stiet yn in nije notysje fan de gemeente. Inkeld ythúskes en restaurants meie har noch yn de twa doarpen fêstigje.

Foar nachtsaken as kroegen en diskoteken dy't nei 23.00 oere jûns iepen binne, is gjin plak mear. De gemeente wol mei de maatregel ûnder oare de oerlêst yn de doarpen tsjingean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)