Ek CDA lilk oer útnoeging

© Omrop Fryslân
Ek de steatefraksje fan it CDA is min te sprekken oer de útnoeging foar de iepening fan keunstesintrum de Infirmerie yn Ljouwert. Earder dizze wike joech de steatefraksje fan Christenunie/SGP oan kwetst te wêzen troch it tema: eksorsisme.
De CDA fynt dat net elkenien no samar nei de iepening gean kin. De steatefraksje hat yn in brief oan it bestjoer fan de Infirmerie wite litten net by de iepening te kommen.