Hulzebosch wint skeelerronde

24 aug 2003 - 00:00

Erik Hulzebosch hat sneon de 16e skeelerronde fan Bartlehiem wûn. De wedstriid gong oer 100 kilometer. Start en finish wiene yn Hallum. Hulzebosch wûn ferline wike ek al de Stjer fan Wolvegea.

Twadde yn Hallum waard Arjan Smit. Hy kaam foar de Frânsman Philip Boulard oer de einstreek. It wie de achtste kear dat Hulzebosch de ronde fan Bartlehiem wûn. Dat is in unikum yn de skiednis fan dizze tocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)