Biblioteek Stiens fernijd

24 aug 2003 - 00:00

De biblioteek fan Stiens is yn trije wiken tiid hielendal opknapt en fan nije kleuren en flierbedekking foarsjoen. De biblioteek moat in soarte fan húskeamer wêze dêr't minsken graach wat hingjen bliuwe.

Mei dat idee hat ynterieur-arsjitekt Dick de Jong fan Ljouwert de biblioteek opnij oanklaaid. Der is ek in hoeke foar de bern ynrjochte. De folsleine opfrisbeurt hat 100.000 euro koste. De biblioteek hold sneon in iepen dei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)