NLTO platbelle oer EnergyXS

24 aug 2003 - 00:00

Boere-organisaasje NLTO is de ôfrûne wike platbelle oer it fallissemint fan enerzjybedriuw EnergyXS. In soad boeren ha eartiids gebrûk makke fan in goedkeape oanbieding fan it bedriuw fia LTO-Nederlân.

De boeren ha no in brief thússtjoerd krigen mei dêryn de meast stelde fragen en antwurden oer it fallissemint. De NLTO warskôget foar oare enerzjybedriuwen dy't mei oanbiedingen komme en komt sels mei in alternatyf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)