Restauraasje toer Easterlittens

23 aug 2003 - 00:00

De restauraasje fan de toer fan de Sint Margaretha-tsjerke yn Easterlittens is freedtejûn offisjeel begûn. In pot mei 36.000 euro fan de tsjerklike gemeente waard 'abseilend' fan de toer ôf oanbean.

Binnen trije jier moat ek it ynterieur fan de tsjerke opknapt wurde. Foar de twa wurken bestiet noch in tekoart fan mear as 60.000 euro. Dêrfoar wurde ferskate ynstellingen oanskreaun en moat it doarp sels ta de bûse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)