Wer reboelje om Tynjehoeve

© Omrop Fryslân
Omwenners fan de Tynjehoeve yn Boarnsweach ha freed opnij protestearre tsjin it toeristysk gebrûk fan de akkomodaasje. Yn in spoedproseduere by de Steatsrie ha se frege om it bestimmingsplan Bûtengebiet bûten wurking te stellen.
It plan makket ûnder oare de bou fan fiif apparteminten mooglik. It is de twadde kear dat der reboelje is oer dit bestimmingsplan. Earder krigen de omwenners gelyk fan de rjochter.