Alarm giet wer alle moannen

23 aug 2003 - 00:00

Brânwacht Fryslân sil wer alle earste moandeis fan 'e moanne de alarmsirenes teste. Op 1 septimber bart dat foar it earst, om tolve oere middeis. De sirenes binne dan ien minút en 26 sekonden te hearren.

De lêste jierren waard mar ien kear yn 't jier test. It docht lykwols bliken dat minsken it alarmsinjaal net werkenne. Troch no wer alle moannen it testalarm hearre te litten, moat de werkenberheid grutter wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)