Muzykstik foar Jorwert-jubileum

© Omrop Fryslân
Jorwert fierde sneontemoarn it 50- jierrich bestean fan it iepenloftspul mei in spesjaal foar de gelegenheid troch komponist Cees Bijlstra komponearre muzykstik. Om kertier foar fiven gie it al los en der kamen sa'n 400 útnoege minsken op ôf. Dat wiene benammen meiwurkers en âld-meiwurkers.
Nei it konsert wie der gelegenheid by te praten ûnder in feestlike moarnsbrogge yn de iepenloft. Snein is it konsert nochris te hearren.