Kompjûters min beskerme

© Omrop Fryslân
Fryske bedriuwen binne min befeilige tsjin kompjûterfirussen. Bedriuwen en systeembehearders ha dizze wike de hannen fol hân oan de firussen. Foaral it Sobigfirus en it Blasterfirus rjochtsje in soad skea oan.
De lêste wiken komme der trije kear safolle firusmeldings binnen as oars. Troch in firus kinne je bestannen kwyt reitsje of kin it e-mailen ûnmooglik wurde. De firussen komme faak fia e-mail en downloaden binnen.