'B&W net yn skeel Menameradiel'

© Omrop Fryslân
It kolleezje fan B&W fan de gemeente Menameradiel is gjin partij yn it skeel tusken de koalysje- en opposysje- partijen yn de ried. Dat skriuwt it kolleezje yn in brief oan de opposysje- fraksjes fan FNP, VVD en GrienLinks.
B&W fine dat de riedsleden fan beide kampen goed prate moatte oer hoe't de folksfertsjintwurdiging fierder operearje moat. Tiisdei eskalearre in riedkommisje doe't de opposysje út protest yn it kafee fergadere.