Bouplannen pjut-jeugdhonk ôfkard

22 aug 2003 - 00:00

De gemeente Achtkarspelen hat de nijbouplannen foar it pjutteboarters- plak en it jeugdhonk yn Stynsgea ôfkard. It wie de bedoeling dat der ien ûnderkommen boud wurdt, mar it koleezje fynt dat it gebou te folle grûn ynnimt.

It projekt rint no in soad fertraging op. It kolleezje wol sa gau mooglik oerlizze. De jongerein sit no yn in tydlik ûnderkommen dêr't se uterlik yn augustus 2005 útmoat. De pjutten sitte yn in min needgebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)