NLTO wol behâld fan slachterij

21 aug 2003 - 00:00

De NLTO sil by de kurator fan it fallite Brada yn Ljouwert pleitsje foar behâld fan in slachtbedriuw yn it Noarden. De lânbou-organisaasje fynt it fan it grutste belang dat fee yn de takomst net oer grutte ôfstannen ferfierd hoecht te wurden.

Dat jildt foaral as der in nije feesykte opdûkt. Al in pear wiken wurdt praat oer in trochstart fan de slachterij. Konkrete sinjalen dat it goedkomt binne der lykwols noch net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)