Les yn 'it nije riden'

© Omrop Fryslân
Sjauffeurs krigen tongersdei op it provinsjehûs les yn it nije riden. Dat betsjut ûnder mear hurder skeakelje en langer yn hege fernelling ride by legere snelheden. Der wiene workshops, mar der wie ek in simulator dêr't de sjauffeurs har krekt learde teory op yn praktyk bringe koene.
Deputearre Baas joech it goede foarbyld yn de simulator. It nije riden moat it miljeu sparje en dat skeelt de provinsje in soad jild.