Miljoenen stipe foar wetterskip

21 aug 2003 - 00:00

It Wetterskip krijt de kommende jierren struktureel 4,3 miljoen euro stipe fan 'e provinsje foar it opknappen fan kaaien en wâlskanten. It opknappen en opheegjen is nedich om oerstreamings lykas yn 1998 foar te kommen. Alles opknappe kostet 180 miljoen euro. It wurk moat yn 2016 klear wêze.

Tongersdei waard it foarriedich bestjoer fan it nije fúzje-wetterskip ynstallearre. It nije bestjoer moat as earste in nije dykgraaf beneame.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)