Fúzje teaterselskippen Snits

© Omrop Fryslân
Twa Fryske teaterselskippen yn Snits smite de lapen gear. It Frysk Selskip Krite Snits en it Snitser Frysk Toaniel hawwe besluten om nei goed 56 jier wer mei-inoar op te arbeidzjen. Der is in nije feriening oprjochte ûnder de namme Teater Snits.
Op 28 en 29 novimber komt it nije selskip mei in útfiering fan it stik 'De Ferflokten' fan Neil Simon. Njonken it Frysk set Teater Snits him ek yn foar 'ut Snekers'.