TBC fêststeld by man út Harns

© Omrop Fryslân
By in ynwenner fan Harns is in besmetlike foarm fan TBC konstatearre. Dat hat de GGD tongersdeitemoarn bekendmakke. Utsocht wurdt no mei wa't de persoan yn kontakt west hat. Dy minsken sille ek allegearre op de longsykte ûndersocht wurde. De Harnzer is ûnderwilens ûnder behanneling. Yn maaie wiene der ek twa gefallen fan TBC yn 'e provinsje. Doe trof de sykte in 23-jierrige man út Drachten en in swalker yn Ljouwert.