Cambuur leit Van Husen fêst

© Omrop Fryslân
Cambuur hat de 21-jierrige ferdigener Danny van Husen fêstlein. Van Husen komt út de jeugdoplieding fan FC Utrecht. Hy hie foar dit seizoen al oerskriuwing oanfrege nei haadklasser DOVO yn Veenendaal.
Van Husen hat by Cambuur Ljouwert in kontrakt tekene foar in jier, mei in opsje foar noch in jier. Cambuur wie al in skoft op syk nei in ekstra ferdigener njonken âld-Feyenoorder Schuiteman.