Eagum wol gjin GGZ-hotel

© Omrop Fryslân
Eagum wol gjin soarchhotel foar psychiatryske pasjinten yn it doarp. In hotel mei tweintich keamers soe it doarp mei 28 ynwenners út balâns bringe. Ek soe de feiligens fan de doarpsbern net garandearre wurde kinne.
De kliïnterie fan 'e GGZ hat in pleats op it each foar it fakânsjehotel. Der is noch gjin definitive bou-oanfraach yntsjinne, wol wie der oerlis mei wethâlder Bouma. Dy stiet posityf foar de ideeën oer.