Rêdingsaksjes by Skier

21 aug 2003 - 00:00

In amtner fan it ministearje fan lânbou en in meiwurker fan in mokselsiedbedriuw binne woansdei mei in helikopter oppikt fan it Waad. Se stiene by Skiermûntseach oan 'e knibbels ta yn it wetter en hiene net trochjûn dat se it Waad opgiene.

Underwilens wie de rêdingsboat ek al útrukt foar in Dúts skip mei maleur. Krekt werom moast de rêdingsboat wer yn aksje komme foar in oare Dútser. Dat skip is nei de haven fan Skier brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)