'Wûnder fan Drachten' wreidet út

© Omrop Fryslân
Baptistetsjerke Bethel yn Drachten krijt in nije seal mei romte foar 2000 minsken. De útwreiding is nedich omdat de tsjinsten fan dûmny Bottenbley mear as 1000 minsken lûke. Faak moatte minsken de tsjinst yn 'e hal fia in fideoskerm folgje.
De nije seal komt yn 'e âlde garaazje njonken de tsjerke. Yn rûnten fan teologen wurdt de spektakulêre groei fan Bethel ek wol 'it wûnder fan Drachten' neamd.