Teloarstelde Stones-fans

20 aug 2003 - 00:00

Fryske touroperators ha it woansdeitemiddei drok hân mei telefoantsjes fan teloarstelde fans fan The Rolling Stones. It konsert fan woansdeitejûn yn Amsterdam is ôflaske om't sjonger Mick Jagger in seare kiel hat.

Busferfierder Paulusma fan Drachten soe der mei fiif folle bussen hinne. In pear bussen wiene sels al ûnderweis nei de opstapplakken. Der komt ein septimber in ferfangend konsert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)