Ljouwert betellet Eringa út

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert betellet trou-amtner Nynke Eringa it salaris út foar de houliken dy't se net sluten hat yn de tiid dat se ûntslein wie. Eringa hat twa jier lang net wurke om't se wegere homohouliken te sluten.
Eringa krijt no in honorarium foar de hûndert houliken dy't se doe misrûn hat. De gemeente Ljouwert betellet 68 euro per houlik. De affêre hat de gemeente fierder goed 70.000 euro koste oan advokaatkosten.