Gemyske reaksje lit rút springe

© Omrop Fryslân
It springen fan it rút yn de Achmeatoer is mooglik feroarsake troch in gemyske reaksje yn it glês. Dat docht bliken út in ûndersyk fan TNO.
Fjirtjin dagen lyn sprong op de heechste ferdjipping fan de toer, it panoramadek, ien fan de ruten. De gemyske reaksje is feroarsake troch de stof sulfide dy't yn al it glês sit. De kâns dat it wer bart, is frijwol útsletten. Bonnema Arsjitekten stelt no de glêsleveransier oanspraaklik.